Baarnende auto soarget foar file op de A6

22 des 2016 - 07:41
Foto: Twitter, Brânwacht De Jouwer

Op de A6 by Sint-Nyk stie tongersdeitemoarn yn de rjochting fan De Lemmer in auto yn de brân. Dat soarge foar in lange file.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De útbaarnde auto stiet op de flechtstrook. De plysje ferwachtet dat de file stadichoan wer oplosse sil.

Trefwurden: 
autobrân A6 Sint-Nyk
(advertinsje)
(advertinsje)