UPDATE: Auto baant út yn Ljouwert; fjoer mooglik oanstutsen

© AS Media
Yn de Vincent van Goghstrjitte yn Ljouwert is woansdeitenacht in auto útbaarnd. Foarbygongers seagen de auto yn 'e brân stean en warskôgen de brânwacht. Op dat stuit seagen se ien fuortdraven.
De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje hat letter yn de nacht in 46-jierrige Ljouwerter oppakt. Hy wurdt fertocht fan brânstichting. In bergingsbedriuw hat de auto meinaam.