'Europeeske lânbouminister' op besite by noardlike boeren

22 des 2016 - 06:22

Achthûndert leden fan boere-organisaasje LTO-Noord komme tongersdei yn Grins byinoar foar in byienkomst mei Europeesk lânboukommissaris Phil Hogan. De Ier Hogan wol yn Grins benammen mei gewoane melkfeehâlders en bouboeren prate om te fernimmen wat der libbet yn de sektor.

Hogan docht dat as tarieding op in nij 'mienskiplik Europeesk lânboubelied' (CAP = Common Agricultural Policy).

Fragen stelle

De boeren hawwe fan harren kant ek wol wat mei Hogan te bepraten. De prizen binne op it stuit net al te bêst, foaral yn de melkfeehâlderij. En dan spilet fansels ek noch it probleem fan te folle kij en te folle stront sûnt it ôfskaffen fan de superheffing.

LTO hat yn it foar in oantal boeren selektearre dy't Hogan in fraach stelle sille. Om de dialooch wat flot ferrinne te litten binne fan dy fragen filmkes makke, dy't ûndertitele binne, sadat de lânboukommissaris dêr ek flot antwurd op jaan kin.

Griene keunstdong

Arjen Sinnige fan Hurdegaryp is ien fan de boeren dy't Hogan tongersdei in fraach stelle sil. Sinnige wol fan Hogan wite wannear't dy de regels soepeler meitsje sil foar it produsearjen fan 'griene keunstmest' út dong, sadat boeren har stront wer op 'e nij brûke kinne.

Neffens Sinnige is dat goed foar de sirkulêre ekonomy. Griene keunstdong soe gemyske keunstdong ferfange kinne. It mei allinnich noch net op dy wize brûkt wurde, fanwegen de Europeeske regels. Sinnige fynt dat Hogan dêr wat oan dwaan moat.

Soad op it spul

Foar LTO-Noord is it in wichtige manifestaasje, want de Europeeske lânbouminister - sa wurdt Hogan sjoen - komt fansels net alle dagen op besite. Der stiet ek in soad op it spul yn de Nederlânske lânbou. Op dit stuit spilet it fosfaat-reduksjeplan. Dat ferline wike presintearre plan foarsjocht yn it werombringen fan it oantal kij mei sa'n 160.000 yn 2017 en dat plan moat foarkomme dat der yn 2018 mooglik noch folle mear kij fuortmoatte.

Nederlân en de Nederlânske suvelsektor moatte besykje om de Europeeske Kommisje fan Hogan der fan te oertsjûgjen dat it fosfaat-reduksjeplan goed yninoar sit, sadat de saneamde derogaasje (tastimming om mear stront út te riden as gemiddeld) foar Fryslân en Nederlân behâlden bliuwt.

Drokke aginda

Foar de dialooch fan Hogan mei de boeren is sa'n 40 minuten útlutsen mei mooglik ek noch in útrin achter de skermen. Fierder is der in panel mei Rabobankdirekteur Ruud Huirne - dy wurdt wol sjoen as de machtichste man yn de Nederlânske lânbou - Hogan sels en Trienke Elshof fan LTO. Tusken de middei wurdt der ek noch ôfskied naam fan Geart Kooistra, de lêste foarsitter fan LTO-Fryslân, en syn Drintske kollega.

Hogan soe middeis ek noch op besite by in biologyske boer yn Kantens op it Grinslanner Hogeland, mar dy besite is skrast fanwegen de drokke aginda. Sjoch ek ús Europablog foar mear ynformaasje. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)