CDA wol 'Fryslânnoarm'

22 maaie 2012 - 14:40
Fryslân boerd - Foto: ANP

Fryske organisaasjes dy't foar minimaal fjirtich prosint ôfhinklik binne fan subsydzje fan de provinsje krije mei har bestjoerders net mear salaris betelle as 130 prosint fan it ynkommen fan in deputearre. Dat komt del op in ynkommen fan maksimaal goed 140.000 euro.

Dat fynt de CDA-steatefraksje en dêrom wolle se in saneamde Fryslânnoarm ynfiere. Dêrfoar sil moarn yn de steaten in plan yntsjinne wurde. No is it salaris fan direksje of bestjoerder noch frij.

Neffens it CDA is yn dizze tiid fan maatskiplike en finansjele ûnrêst it goed om as provinsje ek in noarm te stellen.

Trefwurden: 
CDA Fryslânnoarm
(Advertinsje)
(Advertinsje)