FIDEO: Op de reade loper by it Sportgala

21 des 2016 - 22:23

De sportprizen fan Nederlân waarden woansdeitejûn útrikt op it NOC*NSF sportgala yn Amsterdam. Sanne Wevers en Max Verstappen waarden sportfrou en sportman fan 2016. Liesette Bruinsma waard paralympysk sporter fan it jier. Turncoach Vincent Wevers, de heit fan Sanne, waard coach fan it jier. De roeisters Maaike Head en Ilse Paulis krigen de titel sportploech fan it jier. Turnster Eythora Thorsdottir waard keazen ta talint fan it jier.

Ferslachjouwer Andor Faber en kameraman Dirk Hofstede wiene yn Amsterdam en fongen in tal Fryske kandidaten en gasten op.

Trefwurden: 
sportgala NOC*NSF
(Advertinsje)
(Advertinsje)