Sven Kramer rydt poerbêste 3000 meter

© ANP
Sven Kramer hat woansdeitemiddei hurd riden op it iis fan it fernijde Thialf. Mei 3.38.78 op de 3.000 meter ried de rider fan Lotto-Jumbo in persoanlijk rekôr en ferbruts er syn eigen baanrekôr. Dat stie op 3.39.65. Kramer wie ek rapper as syn Nederlânsk rekôr (3.39.02), mar omdat der mei kwartetten riden waard komt dat rekôr net yn 'e boeken.
Sven Kramer wie ek ien fan de nominearren foar Sportman fan it Jier, mar hy reizge woansdeitejûn net ôf nei it Sportgala yn Amsterdam.