Sanne Wevers Sportfrou fan it Jier

21 des 2016 - 21:30

Turnster Sanne Wevers is de Sportfrou fan it jier 2016. Wevers, berne yn 1991 yn Ljouwert, wûn dit jier by de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro goud op de balke. Dêrmei wie se de earste Nederlânske turnster dy't yn de Olympyske skiednis in yndividuele titel wûn. De tarieding docht Wevers yn Sportstêd Hearrenfean.

Ien fan de konkurrinten foar de titel Sportfrou fan it Jier wie Marit Bouwmeester fan Warten, de gouden sylster yn de Laser Radial.

Oare sporters dy't nominearre wiene: atlete Dafne Schippers, hurdfytster Anna van der Breggen, baanhurdfytster Elis Ligtlee en swimster Sharon van Rouwendaal.

Vincent Wevers, de heit en turncoach fan Sanne, waard Coach fan it Jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)