Dakleazen út Flevolân sykje ûnderdak yn Fryslân

21 des 2016 - 20:25

Dakleazen út de provinsje Flevolân sykje hieltyd faker ûnderdak by de opfang yn Fryslân. Dat komt omdat Flevolân fierstente min opfangplakken hat. Om dit probleem op te lossen komme der yn Lelystêd acht ekstra plakken by, sa is woansdei besletten. De gemeente Ljouwert dy't de opfang yn ús provinsje koördinearret, is wiis mei dizze útwreiding yn Flevolân. Benammen de nachtopfang yn Fryslân kin no al it tal dakleazen faak net oan. Sa is it tal jongeren sûnder dak boppe de holle dit jier wer tanommen.

Neffens opfangynstelling Zienn hawwe op dit stuit mear as 300 minsken ûnder de 27 jier gjin fêst wen- of ferbliuwplak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)