Provinsje jout gjin ekstra jild oan Tresoar

21 des 2016 - 19:55

De provinsje jout gjin ekstra jild oan Tresoar. Dat is de útkomst fan in debat yn Provinsjale Steaten woansdei. It Frysk histoarysk -en letterkundich sintrum Tresoar hie om struktureel 65.000 euro derby frege.

It sintrum krijt al goed 3,6 miljoen euro fan de provinsje. De Steaten fine dat de ynstelling besykje moat it jild binnen de eigen begrutting te finen. Direkteur Bert Looper fan Tresoar fûn dat spitich. Foaral omdat it ekstra jild brûke kin om yn te spyljen op nije ûntwikkelingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)