In protte brêgen wurde takom jier op ôfstân betsjinne

21 des 2016 - 19:44

De brêgewipper sil fan takom jier ôf plak meitsje foar in automatisearre brêgebetsjinning. It bedriuw Beenen fan It Hearrenfean begjint mei de bou fan in sintrale dy't op termyn 50 brêgen op ôfstân betsjinje kin.

De sintrale post mei monitoaren en kommunikaasje-apparatuer komt foarearst yn in besteand gebou, it Swettehûs op bedriuweterrein De Zwette yn Ljouwert. Uteinlik komme dêr 20 minsken te wurkjen dy't de brêgen op ôfstân iependraaie sille. It skoft en it klompjild ferdwine om toeristen op it wetter frij baan te jaan.

Der sille sa 13 provinsjale brêgen en 18 brêgen yn de gemeenten Ljouwert, Dongeradiel en Ferwerderadiel betsjinne wurde. Op dit stuit wurde der al brêgen, benammen yn de Súdwesthoeke, op ôfstân betsjinne mar fan ein 2017 ôf sil dat dus op gruttere skaal út Ljouwert wei regele wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)