Sinneparkbouwer fan It Hearrenfean nei de beurs fan New York

21 des 2016 - 17:41
Sinnepanielen - Foto: Omrop Fryslân

Gutami Holding fan It Hearrenfean, in bedriuw dat sinnepanielen ymportearret en pleatst, is nei de beurs fan New York gien. It bedriuw hopet sa jild los te krijen om noch fierder te groeien yn de wrâld. It bedriuw dat sûnt 2009 bestiet, hat sinneparken delset yn 30 lannen. Yn Kazachstan bygelyks is in kontrakt tekene foar it grutste sinnepark fan Sintraal Azië. Mar it bedriuw is ek aktyf yn Nederlân. Sa wurde der twa sinneparken boud yn Weststellingwerf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)