Flat fan gaseksploazje yn Drachten wurdt nij boud

De flat oan 'e Nachtegaalstrjitte yn Drachten wurdt yn it twadde part fan 2017 op 'e nij boud. Ein 2015 draaide in betize ynwenner fan de flat de gaskraan iepen, wêrnei't in ûntploffing ûntstie mei in grutte ravaazje ta gefolch. In soad minsken rekken doe har wenning kwyt. Yn de nije flat komme - krekt sa as yn de âlde - 38 apparteminten. Wenningboukorporaasje Accolade sil meikoarten mei alle âld-bewenners yn petear om te sjen wa't werom wol nei de flat en wa net. As alles neffens plan ferrint, is de nije flat yn 2018 klear.
Yn Fryslân Hjoed sjocht ferslachjouwer Wendy Kennedy werom op de eksploazje.