Prinses Máxima nei Tsjalbert

22 maaie 2012 - 13:48
Prinses Máxima - Foto: ANP

Prinses Máxima sil tiisdei 12 juny in besite bringe oan basisskoalle De Streek yn Tsjalbert. Dat yn it ramt fan it muzykprojekt 'Pop in de school'.

It projekt is in inisjatyf fan it sintrum foar de keunsten Ateliers Majeur op It Hearrenfean. En dat makket wer diel út fan it programma 'Kinderen Maken Muziek' fan ûnder oaren it Oranjefûns. Doel is om bern yn 30 lessen spyljen en sjongen te learen om yn in band te spyljen.

Trefwurden: 
Tsjalbert Máxima
(Advertinsje)
(Advertinsje)