Nije bedriuwen op it plak fan Prins yn Dokkum

21 des 2016 - 16:42
Prins Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

Op it plak fan it eardere metaalfabryk fan Prins yn Dokkum moatte wer nije bedriuwen komme. Dat seit Wybe Jelsma fan Loft Ruimtelijke Ontwikkeling BV. Dit bedriuw hat de Prinslokaasje yn Dokkum kocht en wurket mei de gemeente Dongeradiel oan in nije ynfolling.

Foar in part leit dat âlde terrein der fertutearze by. De measte gebouwen stean leech. Ek is de grûn fersmoarge mei sink. Dongeradiel wol graach dat der in bettere oansluting fan it bedriuweterrein komt op de Rûnwei-West.

Ek moat it terrein mear belutsen wurde by de binnenstêd.

Trefwurden: 
Dokkum Prins Loft Wybe Jelsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)