FIDEO: Hast klear foar premjêre 'De tocht van morgen'

21 des 2016 - 16:22

Oer twa dagen is de premjêre fan it grutte teaterspektakel 'De tocht van morgen' op it iis fan de Ljouwerter Elfstedenhal. It stik folget Annet, Willem en Lolke dy't allegear om in oare reden meidogge oan de Alvestêdetocht. It idee komt fan regisseur Madelène van Beuzekom dy't sels seis jier op redens stien hie by Holiday on ice. Mei teatermakker Romke Gabe Draaijer makke se it spektakel dat hielendal sûnder subsydzje makke is, mar mei crowdfunding opset is. De ambysjes binne grut, se tinke no al oer in ferfolch, mooglik yn 2018.

Fan de njoggen foarstellingen binne al fjouwer útferkocht. Op in jûn kinne 1.350 besikers yn de hal. Mear as 100 frijwilligers en profesjonals wurkje mei oan de produksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)