Waarme sjaals mei krystgroet yn Ljouwert

21 des 2016 - 15:32

Goed fyftich waarme sjaals binne woansdei op tal fan plakken yn Ljouwert ophongen. Oan brêgen en lantearnepeallen binne se fêstknoopt, mei in kaartsje deroan as krystgroet. Anke Wijbenga-Feenstra fan De Westereen wie de aksje begûn nei Amerikaansk foarbyld. "Dêr is it hot om sjaals achter te litten foar minsken dy't wol wat waarmte brûke kinne. Soks kin hjir ek, tocht ik. Op Facebook bin ik de aksje Warme Sjaal begûn."

Mei elkoar 52 sjaals ha se krigen. "Dêr ha we kaartsjes oan dien mei de tekst: 'Ik ben niet kwijt geraakt, dus pak me alsjeblieft als je het koud hebt.' Guon sjaals wienen al gau fuort, fernamen we. Op Facebook hat ien ek al in betankje stjoerd." Se hat foar Ljouwert keazen om de sjaals te fersprieden om de dakleazen yn de haadstêd te bemoedigjen. De inisjatyfnimster hopet dat oaren har foarbyld folgje. "It soe moai wêze as oer de hiele provinsje sjaals ferspraat wurde."

Trefwurden: 
sjaal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)