Steatejacht is klear foar nije kommissaris

21 des 2016 - 15:20
It Steatejacht mei de kening en de keninginne - Foto: ANP

Krekt op de dei dat bekend wurdt dat Arno Brok de nije kommissaris fan de Kening fan Fryslân wurdt, is it steatejacht fan Fryslân wer klear. De ôfrûne moannen hat jachtwerf Van der Meulen yn Snits grut ûnderhâld dien oan it jacht. It hiele skip is lakt en ferve.

Boppedat is der ek in nije binnenboardmotor ynboud. Dizze makket minder leven as de âlde. Van der Meulen yn Snit docht it grut ûnderhâld oan it steatejacht al 36 jier.

Opfallend is dat Arno Brok yn syn rol as boargemaster al ris it earste eksimplaar fan in boek yn ûntfangst naam hat, oer Van der Meulen. Dat wie yn 2005, doe't de werf 125 jier bestie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)