Klaas Haijtema yn Myanmar frijlitten

21 des 2016 - 15:02

Klaas Haijtema is wer frij. De 30-jierrige Fries is woansdeitemoarn betiid út in finzenis fan Myanmar frijlitten. Haijtema siet fêst omdat hy by in religieus feest in stekker út in fersterker lutsen hie.

Haijtema wie op wrâldreis mei syn freondinne. Flakby it hostel yn Myanmar dêr't se oernachten, wie in boeddhistyske gearkomste mei in soad leven. De Wûnzer frege oft it wat minder lûd koe, mar doe't dêr net op reagearre waard, luts hy de stekker fan de fersterker derút.

Neidat hy dat dien hie waard yn ynearsten meinaam nei it plysjeburo ta beskerming fan himsels, mar úteinlik krige hy in straf fan 3 moanne fanwege hillichskeining.

Woansdeitemoarn hat Haijtema de finzenis ferlitten en is ek net mear yn Myanmar. Wannear't hy thúskomt is noch net dúdlik. Foarearst binne hy en syn freondinne earne oars om by te kommen fan alle ellinde en stress. De lêste wiken mocht de freondinne ien kear yn 'e wike by Klaas op besite. Sy wie yn Myanmar om har freon te stypjen.

Trefwurden: 
Klaas Haijtema Myanmar
(advertinsje)
(advertinsje)