De Zonnebloem hâldt op mei bus- en fleanfakânsjes

21 des 2016 - 14:12

De Zonnebloem hâldt yn 2018 op mei de bus- en fleanfakânsjes. Dat is hiel spitich, fynt Marjon Zijta fan De Jouwer. Se giet al jierren as fersoargjende mei de fakânsjes fan De Zonnebloem mei, yn Nederlân mar ek nei Dútslân, België en Spanje. De Zonnebloem moat besunigje, omdat der folle minder donaasjes binnenkomme. De boatreizen mei it eigen skip fan de Zonnebloem bliuwe wol bestean.

De flean- en busreizen sille neffens Marjon Zijta bot mist wurde. Se sjocht mei in protte wille werom op de reizen. Sy neamt bygelyks in reis dêr't sy by wie mei in MS-pasjinte dy't slim siik wie en foar de lêste kear nochris mei op fakânsje koe. Sy hopet dat it oantal donaasjes oan De Zonnebloem wer tanimt en dat der sa dochs romte bliuwt foar flean- en busfakânsjes.

Trefwurden: 
De Zonnebloem fakânsje
(Advertinsje)
(Advertinsje)