Learlingen Witakkerskoalle Riis moatte takom jier nei Snits

© ANP
Learlingen fan de RENN4-skoalle Witakker yn Riis moatte fan kommend skoaljier ôf nei Snits. Earder dit jier waard bekend dat de skoalle foar spesjaal en fuortset ûnderwiis yn Riis oan de ein fan dit skoaljier tichtgiet. Yn Snits wurdt júst twa nije lokaasjes fan RENN4 iepene.
Dy komme by de skoalgebouwen fan de Piet Bakkerskoalle en Praktykskoalle De Diken yn.