Weromsjen op 2016: Fan Syrië nei it doarpshûs fan Jorwert

25 des 2016 - 07:46

Wy binne hast oan ‘e ein fan 2016. Dêrom sjogge wy de kommende dagen werom op it jier mei minsken dy’t wat bysûnders meimakke ha en sa yn it nijs kamen. De ien troch in dramatyske barren, de oar troch in opfallende aksje. Dizze kear it ferhaal fan de famylje Al Zaidan, dy't no yn Jorwert wennet. De doarpsbewenners ferbouden dêrfoar sels it doarpshûs.

De Syryske famylje Al Zaidan út Jorwert beskriuwt it wenjen yn Jorwert as it wenjen tusken famylje: waarm, gastfrij en behelpsum. Dochs is der ek fertriet en binne der grutte soargen yn it gesin. In grut part fan de famylje wennet noch yn Syrië en troch de oarloch is it dreech om kontakt te krijen. Mar it is wol dúdlik dat der in grut tekoart oan iten, wetter en medisinen is.

It hiele doarp helpt

In protte Jorwerters helpe de famylje mei allerhande saken, sa as de administraasje en taallessen. "It binne sokke leave minsken, it binne gewoan freonen wurden" seit in frijwilliger. De jongere bern ha it op de Jorwerter basisskoalle tige nei it sin en ek de klasgenoatsjes fine it aardich om Syryske bern yn de klasse te hawwen. De âldere bern gean alle dagen nei de ynternasjonale skeakelklasse yn Ljouwert en heit en mem moatte trije deidielen yn de wike nei de ynboargeringslessen yn Ljouwert.

Ellen van der Molen út Jorwert is kontaktpersoan fan de famylje en helpt mei administrative saken lykas it ynfoljen fan allerhanne formulieren en it oanfreegjen fan fergoedingen. "Dat is voor ons al ingewikkeld, laat staan voor de familie. In Syrië gaat dat niet zo. Vader Hamid vertelde dat ze daar met iemand praatten en dan was de afspraak geregeld. Een groot verschil dus en daar komt de taalbarrière ook nog eens bij. Ik heb enorm veel respect voor de familie." 

Takomst

Mem Rushan giet nei skoalle foar ynboargeringsles. "Dat gaat goed, ik spreek al een beetje Nederlands. Ik wil snel Nederlands leren." Se is tefreden yn Nederlân en bliid mei de help dy't se krije. Se wol in goede takomst foar har bern. Dochter Sidra fan 12 praat ek al Nederlânsk. "In het Arabisch lees je van rechts naar links en hier andersom." Heit Hamid fertelt dat er hiel bliid is yn Jorwert. "De mensen zijn heel aardig." Hy mist syn famylje wol bot, hy hat seis broers en fjouwer susters en ek syn mem wennet noch yn Syrië.

Harkje ek nei de reportaazje oer de famylje Al Zaidan fan Buro de Vries op earste krystdei. Buro de Vries is alle sneinen te hearren by Omrop Fryslân op de radio tusken 11.00 en 13.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)