Tûzenste poppe berne yn sikehûs Nij Smellinghe

© Sikehûs Nij Smellinghe
Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is woansdei de 1000e poppe fan dit jier berne. Daniël Christiaan Veldema kaam krekt foar 3 oere yn goede sûnens op de wrâld. Alders Marcel en Dinie krigen fan it sikehûs in setsje klean, in knuffelbeer en in bosk blommen.
It is it tredde jier op rige dat der mear as tûzen befallingen plakfine yn it Drachtster sikehûs. Yn 2013 waard it jubileumnûmer krekt net helle: it tal poppen dat yn Nije Smellinghe berne waard, lei doe op 986.