Bearn Bilker oer Arno Brok: "Better kinne we net krije"

21 des 2016 - 12:30

"In folbloed bestjoerder mei in waarme persoanlikheid. In prima man foar Fryslân en de Friezen. Better kinne we net krije," seit Bearn Bilker as earste reaksje op it nijs dat Arno Brok de nije kommissaris fan de Kening fan Fryslân wurdt. De boargemaster fan Kollumerlân ken Brok út de tiid dat se beide wethâlder yn Ljouwert wienen.

Neffens Johan Tjalsma fan de fertrouwenskommisje paste de profylskets 'as in jas' by Arno Brok. "Hy is in goede kandidaat, in ferbinende man en ynteger. Boppedat hat er in grut netwurk."

Unanym

De fertrouwenskommisje wie unanym yn syn beslút, fertelt Avine Fokkens dy't ek yn de kommisje siet. "Brok heeft veel gevoel voor de Friese cultuur en is toegankelijk voor alle mensen. De liefde komt van twee kanten, hij is altijd verkocht gebleven aan Fryslân, het is echt een boppeslach." As earste fynt se dat er him dwaande hâlde moat mei Kulturele Haadstêd en dat er Fryslân op de kaart sette moat.

Arno Brok is no boargemaster fan Dordrecht. Hy folget as kommissaris John Jorritsma op, dy't yn septimber boargemaster fan Eindhoven wurden is. Waarnimmend kommissaris Joan Leemhuis-Stout bliuwt oant Brok begjin maart begjint yn syn nije funksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)