Bou Pathébioskoop kin begjinne: beswieren binne ôfwiisd

De bou fan in Pathébioskoop yn Ljouwert kin trochgean. Dat docht bliken út in útspraak fan de Ried fan Steat. Tsjin de bou fan de bioskoop achter it gerjochtsgebou wie beswier yntsjinne troch de eigeners fan de twa oare Ljouwerter bioskopen, Tivoli en Cinema. Neffens har is der gjin plak foar noch in bioskoop en sil de komst dêrfan liede ta sluting fan de beide oaren. Neffens de Ried docht út ûndersyk bliken dien dat it tal minsken allinne mar tanimme sil dat nei de bioskoop giet troch de komst fan Pathé.
De bioskoopeigeners binne ek bang dat der gjin nije ynfolling foar de gebouwen fûn wurde sil as se ticht moatte en dat der sprake is fan oertreding fan de Europeeske steatsstipe. Ek dizze beswieren binne troch de Ried fan Steat ôfwiisd.
Neffens advokaat Pieter Tuinman fan de Ljouwerter bioskopen betsjut de útspraak net dat der no in ein komt oan de striid tsjin de komst fan de nije bioskoop.