Mooglik kij yn Peazemerlannen

22 maaie 2012 - 12:36

Yn natoergebiet de Peazemerlannen is amper plak foar kustfûgels want de kwelder by Peazens ferrûget hielendal. Behearder it Fryske Gea wol der graach wat oan dwaan troch it gebiet te beweidzjen, mar de natoerbehearder is net de baas oer de Peazemerlannen.

It natoergebiet is fan Wetterskip Fryslân. Dêrmei wurdt no oerlein oer it weidzjen mei kij. It gebiet moat dêrfoar noch wol oars ynrjochte wurde.

Sa moat der in plak komme dêr't it fee hinne kin by heech wetter en moatte de slinken sichtberder en wat minder steil makke wurde om foar te kommen dat der fee yn falt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)