Fryske PvdA: Spitich dat earste Fries op plak 20 stiet

PvdA
It gewest Fryslân fan de Partij van de Arbeid fynt it spitich dat der mar ien Fries by de earste 20 op de list foar de Twadde Keamerferkiezing stiet. Woansdeitemoarn lekte út dat Christa Oosterbaan fan Skylge op it tweintichste plak stiet.
Foarsitter Henk Korthof fan it Fryske gewest hie ferwachte dat der yn alle gefallen in Fries by de earste 12 stean soe. Korthof ropt Fryske PvdA-leden op om har foarkarstimmen op Oosterbaan te setten sadat se heger op de list komt. Tongersdei wurdt de kandidatelist offisjeel bekendmakke.