Man oanhâlden nei stellerij op It Hearrenfean

21 des 2016 - 10:38
Foto: ANP

De plysje op It Hearrenfean hat tiisdeitenacht in man oanhâlden om't er fertocht wurdt fan stellerij. In tsjûge seach dat meardere manlju op de Oebele Stellingwerfwei drok dwaande wiene mei it oerladen fan doazen mei iten foar jonge bern út in buske nei in twadde buske. De tsjûge belle de plysje. Doe't dy oankaam, naaiden de manlju út. De fertochte, in man fan 31 út Harderwijk, koe oanhâlden wurde. Ut ûndersyk die bliken dat fan ien fan de buskes in rút fernield wie. Nei alle gedachten is it guod út dit buske stellen.

Beide buskes binne yn beslach naam, de fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)