Waadferiening is optein oer nije Mynbouwet

21 des 2016 - 10:26
De kwelder by Koehoal - Foto: Remco de Vries

De Waadferiening is tige ynnommen mei de nije Mynbouwet dy't tiisdei troch de Earste Keamer oannaam is. Neffens de Waadferiening wurdt der yn de nije wet better rekken hâlden mei de natuerbelangen en net allinnich mear mei de belangen fan de mynboubedriuwen.

De Waadferiening hat him mei bewenners fan Skylge en Skiermûntseach ynsetten om de kwetsbere natuer op te nimmen yn de nije wet. De regels om yn it gebiet boarje te meien binne dêrom stranger wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)