Maatregels by Ljouwerter fûgelshow

Op de fûgelshow fan de Leeuwarder Vogelvrienden binne fan tongersdei ôf 900 fûgels te sjen. Dat soene eins 300 mear wêze moatte, mar dy bisten sitte yn it fûgelgrypgebiet en kinne dus net ferfierd wurde. Ek foar de show binne in hiel soad ekstra maatregels naam om foar te kommen dat de sykte binnenkomt. Besikers moatte ûnder oare oer in desynfektearjende matte rinne. Boppedat wurde de bisten goed yn de gaten hâlden. Om't de fûgels eins altyd binnen sitte, is de kâns op besmetting mei fûgelgryp eins nihil of hiel lyts.
De fûgels dy't op de show komme, binne altyd fit, sûn en yn topkondysje. De show is tongersdei oant en mei sneon te sjen.