Gebben oer Tytsjerksteradiel: "It fielt as thúskomme"

De 45-jierrige Jeroen Gebben fan de VVD is foardroegen as nije boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel. De fertrouwenskommisje hat dat tiisdeitejûn unanym besletten. Hy folget Wilma Mansveld op, dy't sûnt 29 augustus waarnimmend boargemaster is.
Gebben wennet op it stuit yn Súd-Hollân, mar praat goed Frysk. "Tja, dat krije je as je troud binne mei in Friezinne. Mar sûnder gekheid. Ik haw sels ek fan myn 5e oant 18e yn Bûtenpost wenne. It fielt dan ek echt as thúskomme."
Past as in jas
Gebben hat gjin momint twivele oer de fakatuere yn Tytsjerksteradiel. "Doe't ik de profylskets seach, wie it fuort entûsjast. It past my as in jas. Ik bin echt bliid."
Yn de skets stie ûnder oaren dat de nije boargemaster ferbine moat en oars mei de ynwenners omgean moat.
Nije inisjativen
Gebben fynt dat boargers dy't mei eigen inisjativen by de gemeente komme, mear heard wurde moatte. "Je hearre hiel faak dat saken net kinne. We moatte dêr oars nei sjen, en besykje saken wol mooglik te meitsjen."
Fierder tinkt er dat de grutste útdagingen lizze op it mêd fan de desintralisaasjes (û.o. jeugdsoarch) en de ekonomy. "Tytsjerksteradiel is dit jier útroppen ta mkb-gemeente fan it jier. Ik wol der foar soargje dat we dat takom jier wer wurde."