Wa wurde de sportminsken fan it jier?

21 des 2016 - 07:00
Foto: nocnsf.nl

Reedrider Sven Kramer en sylster Marit Bouwmeester en turnster Sanne Wevers meitsje woansdeitejûn kâns op respektivelik de titel Sportman en Sportfrou fan it Jier. De eartitels wurde ferjûn op it NOC*NSF Sportgala.

Kramer hat konkurrinsje fan ûnder oaren hurdfytser Tom Dumoulin en Formule 1-koureur Max Verstappen. Marit Bouwmeester en Sanne Wevers nimme it op tsjin ûnder oaren hurdfytsster Anna van der Breggen en atlete Dafne Schippers.

Foar de titel fan bêste paralympyske sporter binne nominaasjes foar swimster Liesette Bruinsma en hurdfytsers Alyda Norbruis en Tristan Bangma. Alle sporters dy't in gouden medalje wûn ha op de Paralympyske Spelen yn Rio dit jier binne nominearre.

Alle nominearden

Per kategory binne de folgjende sporters nominearre:

Sportman fan it jier

  • Sven Kramer
  • Tom Dumoulin
  • Dorian van Rijsselberghe
  • Max Verstappen
  • Ferry Weertman

Sportfrou fan it jier

  • Marit Bouwmeester
  • Sanne Wevers
  • Anna van der Breggen
  • Dafne Schippers
  • Elis Ligtlee
  • Sharon van Rouwendaal

Paralympysk sporter fan it jier

  • Tristan Bangma
  • Liesette Bruinsma
  • Alyda Norbruis
  • Marc Evers
  • Daniel Abraham Gebru
  • Jiske Griffioen
  • Tennisdubbel Aniek van Koot en Jiske Griffioen
  • Lisa Kruger
  • Jetze Plat
  • Marlou van Rhijn
  • Vincent ter Schure
  • Timo Fransen
  • Sanne Voets
  • Kenny van Weeghel
  • Kelly van Zon
(Advertinsje)
(Advertinsje)