Winkels De Fryske Marren meie alle sneinen iepen

20 des 2016 - 22:10
Winkelje op de Midstrjitte op De Jouwer - Foto: Google Streetview

De winkels yn gemeente De Fryske Marren meie tenei op alle sneinen harren doarren iepenje. Dat hat in mearderheid fan de gemeenteried tiisdeitejûn besletten. Der wie al langere tiid argewaasje oer it belied fan de gemeente mei de keapsneinen. Earder dizze moanne pleite de PvdA al foar mear dúdlikens. Yn prinsipe moasten de doarren op snein ticht bliuwe, útsein yn it toeristeseizoen en om de feestdagen hinne. Dat betsjutte dat der fjouwer kear yn it jier wat feroaret foar it winkeljend publyk en de winkellju.

Foar ferromming

Dizze ûndúdlikens wie foar bygelyks it CDA de reden om no foar de ferromming fan de keapsnein te stimmen. No hawwe boargers yn de gemeente dúdlikheid oer wannear't de winkels iepen binne. Earder wie it CDA noch kritysk op de keapsnein, om't se in mienskiplik rêstpunt yn de wike wichtich fine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)