Gemeente Ljouwert eksperimintearret mei nij wykprojekt

Minder regels foar boargers dy't yn 'e skulden sitte of op in oare wize yn 'e swierrichheden rekke binne. Dat is yn it koart in nij projekt dêr't de gemeente Ljouwert mei oan de slach giet. Dy lûkt hast in ton út om mei te eksperimintearjen mei fjouwer oare gemeenten yn ús lân. Troch ferskate ministearjes is tastimming jûn om ien wyk oan te wizen dêr't ynwenners har yn guon situaasjes oan minder regels hoege te hâlden. Wykteams monitoarje it projekt en hâlde de resultaten by.
Yn Ljouwert is keazen foar de wyk Oud-Oost. "We hebben in ons land de letter van de wet en de geest van de wet, en juist die laatste willen we opzoeken. We denken dat bewoners beter geholpen zijn bij het versoepelen van bepaalde regels", sa seit Ellen de Bruin fan de gemeente Ljouwert. Fan 1 jannewaris ôf set it projekt útein.