Nije boargemaster gemeente Tytsjerksteradiel foardroegen

20 des 2016 - 18:32

De 45-jierrige Jeroen Gebben fan de VVD is foardroegen as nije boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel. De fertrouwenskommisje hat dat tiisdeitejûn unanym besletten. Gebben folget Wilma Mansveld op, dy't sûnt 29 augustus waarnimmend boargemaster is. 

Gebben wennet yn Barendrecht (Súd-Hollân) en is op it stuit foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Edudelta Onderwijsgroep yn Súd-Hollân en Seelân. Dêrfoar wie er wethâlder en lokoboargemaster yn Barendrecht. Hy is berne yn Grins en opgroeid yn Bûtenpost. 

Sollisitaasje

Yn totaal hawwe achttjin minsken dy't sollisitearre nei de funksje fan boargemaster. Ynwenners fan de gemeente koene yn it foartrajekt sels ek mei tinke oer it profyl fan de nije boargemaster. Yn de koarte profylskets foar de nije boargemaster stie dat dizze midden yn 'e mienskip stean moat, in ynterne ferbiner is en in ekstern boechbyld.

Ynstallaasje

De nije boargemaster sil nei alle gedachten yn it earste fearnsjier fan takom jier ynstallearre wurde. Oant dy tiid bliuwt Wilma Mansveld waarnimmend boargemaster. Mansveld kaam 29 augustus nei Tytsjerksteradiel as opfolger fan Eric ter Keurs, dy't ôfskied naam as boargemaster.

(Advertinsje)
(Advertinsje)