Friesland Pop krijt subsydzje foar dokumintêres popskiednis

20 des 2016 - 18:20

Stichting Friesland Pop krijt 50.000 euro foar it meitsjen fan njoggen dokumintêres oer de Fryske popskiednis. Njonken de njoggen dokumintêres bestiet it projekt út in mobile útstalling by biblioteken yn Fryslân. Friesland Pop arbeidet by dat projekt op mei Omrop Fryslân en Tresoar.

Dokumintêres

By de rige dokumintêres sit ûnder oare in ôflevering oer de Fryske folksmuzyk, de punk fan it plattelân en de Fryske metal. Fierder is der omtinken foar popmuzyk yn it Frysk en Fryske bands dy't oer de regionale grinzen hinne sukses hawwe.

Utstalling

Njonken it útstjoeren fan de dokumintêres is der in mobile útstalling by in tal iepenbiere biblioteken. Besikers kinne kennis nimme fan it ferhaal fan de Fryske popmuzyk. De útstalling hat in ryk oanbod oan fotomateriaal. Dêrnjonken is der in digitale jukebox mei muzykopnamen.

Alle ynformaasje mei it projekt anneks wurdt sammele en op in webstee set. It webstee is in bliuwend kennis-, dokumintaasje- en ynformaasjesintrum fan de Fryske popmuzyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)