Nachtopfang mooglik út de Terp

De nachtopfang foar dakleazen yn de Terp yn Ljouwert giet mooglik oer nei de Wurdumerpoarte yn de binnenstêd. Dêr is romte foar 40 sliepplakken. Opfangorganisaasje Zienn en de gemeente ha de plannen yntusken mei it wykpanel fan de Oranjewyk besprutsen.
Takom wike tongersdei wurde se foarlein oan de omwenners. Nei oanlieding fan de diskusje op dy jûn nimt it kolleezje in beslút. It gebou fan de Terp slút op termyn om de hiele maatskiplike opfang better te sprieden oer de provinsje.