PvdA: ''Brûk subsydzje om redaksjes Omrop te fersterkjen''

20 des 2016 - 16:57
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De subsydzje dy't de provinsje oan Omrop Fryslân jaan wol, moat ek brûkt wurde om de redaksjes te fersterkjen. Dat fynt de steatefraksje fan de Partij van de Arbeid. De Steaten nimme woansdei in beslút oer in subsydzje fan 650.000 euro foar de programmearring fan Omrop Fryslân. Dat jild mei neffens de plannen net brûkt wurde foar de organisaasje fan de Omrop.

De PvdA seit dat goede programma's allinne mar makke wurde kinne troch goede redaksjes. Dêrom soe it jild ek brûkt wurde moatte foar it ferbetterjen fan dy redaksjes. Mar net foar de rest fan it bedriuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)