82-jierrige Dokkumer moat yn maaie foar de rjochter komme

© Omrop Fryslân
De 82-jierrige man út Dokkum dy't derfan fertocht wurdt dat er syn buorman mei opsetsin oanriden hat, moat yn maaie foar de rjochter komme. De man ried yn maart op syn buorman fan tachtich jier yn, dy ferstoar op it plak fan de oanriding. De twa manlju soenen al mear as 35 jier spul mei-inoar ha.
De fertochte seit dat it in ûngelok wie. Yn stee fan dat er remme, trape er op it gaspedaal. De man wurdt op it stuit psychologysk ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht.