Folgjend jier ek op snein betelle parkearje yn Ljouwert

20 des 2016 - 15:48
De gloednije parkeargaraazje yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert moat mei yngong fan 1 jannewaris ek op sneintemiddei betelle wurde foar it parkearjen. De gemeente wol der sa foar soargje dat minsken har auto faker yn de parkeargaraazjes sette. Dan bliuwt der op strjitte mear romte foar koart parkearje en minsken mei in parkearfergunning.

De gemeente wiist derop dat it goedkeaper is om de auto yn in parkeargaraazje del te setten. It betelle parkearjen jildt tusken tolve oere en seis oere middeis.

Trefwurden: 
parkearje Ljouwert betelje
(advertinsje)
(advertinsje)