Eindeloos nominearre foar bêste grienterestaurant

© Google Streetview
Restaurant Eindeloos yn Ljouwert is nominearre foar de titel 'bêste grienterestaurant fan Nederlân'. De ferkiezing is ûnderdiel fan de wedstriid om de bêste restaurant-awards 2017. By dy wedstriid bepalen sjef-koks en eigeners sels wa fan har kollega's de bêste is.
Der binne ferskate kategoryen, lykas bêst fleis- en bêst fiskrestaurant en bêste wynrestaurant. Eindeloos yn Ljouwert is it iennichste Fryske restaurant mei in nominaasje. Yn jannewaris wurdt bekend hokker restaurants yn de prizen falle.