Campus Fryslân yntrodusearret nije wittenskipspriis

20 des 2016 - 15:21
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De Campus Fryslân en de Ryksuniversiteit Grins komme mei in nije wittenskipspriis. Dy is bedoeld as oanmoediging foar jonge en aktive wittenskippers dy't ferbûn binne oan ien fan de ynstellingen dy't mei-inoar de Campus Fryslân foarmje, bygelyks de hegeskoallen yn Ljouwert.

De priis is ynsteld om de kwaliteit fan it wittenskiplik ûndersyk te befoarderjen. Hyj bestiet út in jildbedrach fan tsientûzen euro. De priis wurdt om de twa jier útrikt, yn maart bart dat foar it earst.

(advertinsje)
(advertinsje)