Beskildere fjoertoer It Amelân wurdt wer himmele
De fjoertoer fan It Amelân krijt stadichoan syn bekende statuer werom. De toer wie spesjaal foar de keunstmoanne yn novimber beskildere mei seehûnen, potfisken en dûkers. Dat wie in projekt fan keunstneres Rachel van Balen. Sy hie dêr tastimming foar krigen fan de gemeente en Rykswettersteat.
Dy ynstânsjes fûnen it goed dat de fjoertoer beskildere waard, omdat dy doch al op 'e nominaasje stie foar in himmel- en skilderbeurt. Dêr is yntusken mei begûn. It wurk duorret in moanne as trije.