Rekôrjier foar Fries Museum yn Ljouwert

20 des 2016 - 15:04
De minsken stean yn de rige foar de kassa's foar Alma-Tadema - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It Fries Museum hat in rekôrjier efter de rêch. It museum ferwachtet op sa'n 175.000 besikers út te kommen. Op de âlde lokaasje kamen der jierliks sa'n 50.000 minsken nei it museum. De tentoanstelling Alma-Tadema, klassieke verleiding, is mei 90.000 besikers de grutste publykslûker. Dêrneist hat Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert mei hast 40.000 besikers it bêste jier yn de ôfrûne desennia hân.

Benammen de eksposysje Sexy Ceramics blykt mei 20.000 besikers in grut sukses. Princessehof fiert kommend jier it 100-jierrich bestean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)