Snitser koar sjongt yn Haarlem

22 maaie 2012 - 11:11
De Wetterpoarte yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It Martini Jongeskoar út Snits hat in earfol fersyk krigen om de searje simmerjûntsjinsten yn de ferneamde Grutte of St. Bavotsjerke yn Haarlem te iepenjen. Pinkstersnein sil it koar ûnder lieding fan dirigint Rintje te Wies optrede. It Martini Jongeskoar is in koar neffens Ingelske tradysje, wêrby't de sopraanpartijen songen wurde troch jonges tusken de 6 en 14 jier âld.

De leden fan it koar komme út hiel Fryslân. De St. Bavotsjerke yn Haarlem is de grutste tsjerke yn Haarlem en stiet yn de top 100 fan Nederlânske UNESCO-monuminten.

Trefwurden: 
Snits Martini jongeskoar
(Advertinsje)
(Advertinsje)