Hacker mei de krystdagen thús fiere

20 des 2016 - 14:17
Hacker - Foto: Omrop Fryslân

De 35-jierrige Ljouwerter hacker dy't sûnt de simmer fêstsit foar oplichting en kompjûterfredebrek mei de krystdagen thús fiere. Der is neffens de Ljouwerter rjochtbank gjin juridyske grûn mear om de man noch langer fêst te hâlden.

De Ljouwerter, dy't tsjintwurdich ynskreaun stiet yn Snits, hat hûnderten bedriuwen en partikulieren hackt en bestellen. De man liet him ynhiere as websidemakker, mar boude in geheime funksje yn wêrmei't hy wachtwurden en brûkersnammen fan klanten sjen koe.

Mei dy gegevens bestelde de gok- en speedferslaafde man alderhande guod by websides lykas Bol.com. De hacker moat op 2 febrewaris foar de rjochter komme, oant dy tiid is hy frij.

Trefwurden: 
hacker
(Advertinsje)
(Advertinsje)