Utjouwerij Jongbloed en Bibelgenoatskip libje wer yn frede

20 des 2016 - 14:05

Utjouwerij Jongbloed fan It Hearrenfean en it Nederlands Bijbelgenootschap wolle ek yn de takomst gearwurkje. De gearwurking hie in flinke dûk krigen trochdat Jongbloed in grutte flater makke hie mei in opdracht fan it Bibelgenoatskip.

De Griene Bibel dy't de drukkerij leverje soe, hie op papier drukt wurde moatten fan recycle bibels. Mar troch in fersin barde dat op gewoan papier en in meiwurker fan Jongbloed hie dat net sein. Jongbloed en it Bibelgenoatskip ha it skeel útpraat en wolle no wer gewoan mei elkoar fierder.

De Griene Bibels dy't út de hannel naam binne, wurde begjin takom jier troch it Bibelgenoatskip fergees ferspraat ûnder belangstellenden. Dêr wurdt in plan foar makke. Wa't de Griene Bibel al oanskaft hat en him weromstjoert, krijt syn jild werom fan Royal Jongbloed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)