Sportklups bliid mei útkomst RIVM oer keunstgers

20 des 2016 - 13:20

Sporte op keunstgers mei rubber kerrels is feilich. Dat seit it Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu (it RIVM) nei in yngreven ûndersyk. Foar in soad sportklups yn Fryslân is de útkomst in opluchting.

Ut eardere berjochten kaam nei foaren dat der relatyf in soad kankerferwekkende stoffen yn it rubber sitte soe. Bleatstelling soe leukemy en lymfeklierkanker feroarsaakje kinne. It RIVM hellet de kjeld dus út de loft. De skealike stoffen dy't yn de kerrels sit, komt der mar yn lytse persintaazje út.

Foarsitter Ette-Frits Veenstra fan kuorbalferiening Flamingo's yn Bûtenpost is bliid mei de útkomst fan it RIVM-ûndersyk, ek al spylje de kuorbalteams op it stuit yn de seal. Wethâlder Jouke Spoelstra fan de gemeente Achtkarspelen seit dat de útkomst fan it RIVM-ûndersyk liedend is en dat de gemeente mei de klups om tafel sil hoe no fierder te hanneljen.

Trefwurden: 
keunstgers RIVM kanker
(Advertinsje)
(Advertinsje)