Ald-steatelid Pieter Buisman yn berop by rjochter

20 des 2016 - 13:12
Foto: ANP XTRA

It eardere steatelid Pieter Buisman fan Drachten is by de bestjoersrjochter yn Grins yn berop gien tsjin de ôfwizing fan syn beswier tsjin it weromfoarderjen fan hast 18.000 euro troch de provinsje. Neffens de provinsje brûkte Buisman, dy't yn 2014 út de PVV-fraksje stapte, it jild foar fraksjemeiwurkers foar him sels en moat hy it dêrom werombetelje.

Buisman is it hjir net mei iens. Hy beskuldiget op syn beurt de eardere kommissaris fan de Kening John Jorritsma en twa amtners fan bedriging. De rjochter docht binnen seis wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)