Fakbûn tsjin it ferheegjen fan wetterpeil Lauwersmar

20 des 2016 - 10:59
Lauwersmar - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It Nederlânske Ikkerbou Fakbûn is bot tsjin op de proef mei it ferheegjen fan it wetterpeil yn de Lauwersmar, de saneamde 'rietproef'. It fakbûn wol dat earst oan har beswieren temjitte kaam wurdt, foar't sy akkoart giet.

Neffens it fakbûn is de skearegeling foar de boeren net foldwaande, giet it plan yn tsjin it belied fan de wetterskippen en kin ferheging fan it wetterpeil foar sykten ûnder gewaaksen fan boeren soargje. Boppedat wurde de belangen fan de boeren stelselmjittich oan de kant skood, sa seit it fakbûn.

Trefwurden: 
wetterpeil Lauwersmar fakbûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)