Plysje siket tsjûgen fan oanriding yn Ljouwert

20 des 2016 - 09:01
Foto: ANP

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding moandetemiddei op it Frijheidsplein yn Ljouwert. Oan de ein fan de middei wachte in bestjoerder foar de ferkearsljochten op de Anne Vondelingwei. Doe't de man grien ljocht krige, kaam der fan de Grinzerstrjitwei krekt in ambulânse mei sirene oanriden. De man wachte op de ambulânse en waard fan achteren oanriden troch de bestjoerder fan in griene Citroen Xsara. De bestjoerder ried dêrnei troch. Neffens de plysje giet it om in man fan sa'n 25 oant 30 jier. It kenteken begûn mei XL.

De plysje freget ek as minsken dy't it ûngelok filme ha mei harren dashcam, harren melde wolle.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert oanriding
(Advertinsje)
(Advertinsje)